Judoka Margriet Bergstra docht fanwege blessuere net mei oan Grand Prix

08 jul 2019 - 20:29

Judoka Margriet Bergstra docht freed net mei oan de Grand Prix yn Boedapest. De judoka moat har ôfmelde troch in knibbelblessuere. Se hat har krúsbân foar de helte ôfskuord.

Judoka Margriet Bergstra - Foto: Omrop Fryslân

De blessuere rûn se twa wiken foar de Europeeske Kampioenskippen al op. Dat is yntusken fjouwer wiken lyn, mar de pine is net fuortgong. It docht no bliken dat se njonken in ynskuorde krúsbân ek in skuorke yn de kûtspier hat en de meniskus beskeadige is.

It toernoai yn Hongarije is ûnderdiel fan de Grand Prix searjes. Njonken de Grand Slams de belangrykste wedstriden yn it seizoen. Ein july is der wer in Grand Prix yn Zagreb. Ein augustus is it wrâldkampioenskip yn Tokyo. Bergstra hat har dêrfoar noch net pleatst.

Tornike Tsjakadoea

Tornike Tsjakadoea docht sneon wol mei yn Boedapest. De âld-Ljouwerter is op dit stuit de nûmer trettjin fan de wrâld yn de klasse oant 60 kilo en liket op wei nei it WK.

(advertinsje)