Mar ien Frysk kafee yn de Terras Top 100: Nes Café

08 jul 2019 - 20:15

Yn 2018 stiene der noch fiif terrassen yn Fryslân op de saneamde Terras Top 100 fan Misset Horeca. Doe waard 't Gerecht op It Hearrenfean noch ferkeazen ta it bêste terras fan Nederlân. Mar dit jier is der mar ien Frysk terras yn de Top 100: Nes Café op It Amelân stiet op nûmer 15 yn de ranglist.

De winner fan ferline jier: 't Gerecht op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yn 2018 stiene dizze kafees yn de list: 't Gerecht yn It Hearrenfean (op nûmer 1), De Buurman op It Hearrenfean (nûmer 34), Van Heeckeren yn Nes (nûmer 49), Nobel yn Ballum (nûmer 64) en Fellini City Lounge (nûmer 84). Mar dit jier is Fryslân dus inkeld fertsjinwurdige troch Nes Café fan It Amelân.

It is de tolfde kear dat de ranglist gearstald wurd. By de dielnimmende terrassen komme in mystery guest en in faksjuerylid op besite. Sy sjogge ûnder oare nei it personiel, de gastfrijens en it iten.

(advertinsje)
(advertinsje)