Tal meldingen fan seksueel geweld yn Fryslân opnij tanaam

08 jul 2019 - 19:54

It Centrum Seksueel Geweld Friesland hat yn 2018 op 'e nij mear akute meldingen krigen fan seksueel geweld as it jier derfoar, dat docht bliken út de jiersifers fan de organisaasje. Yn 2017 wiene der 40 meldingen en yn 2018 wiene it der 47. Dizzen slaan op situaasjes dêr't in slachtoffer binnen sân dagen nei in oantaasting of ferkrêfting help sochten by it CSG. Opfallend is dat it oandiel minderjierrige slachtoffers yn Fryslân heger is as lanlik.

Foto: Centrum Seksueel Geweld

Yn 2018 binne der totaal 47 slachtoffers dy't harren melden hawwe by it CSG. In jier derfoar wiene dat der noch 40. Neist de 47 dy't koartlyn te krijen hiene mei seksueel geweld binne der ek 47 slachtoffers by de organisaasje kaam dy't langer lyn seksueel geweld meimakken.

Yn Fryslân wie 57 persint fan de slachtoffers minderjierrich, lanlik lei dat op 31 persint. Yn 3 fan de 4 gefallen wie de dieder in bekende fan it slachtoffer.

Oare opfallende sifers: 38 persint fan de slachtoffers makke al earder seksueel geweld mei en 70 persint krige al yn 'e tiid fan it seksueel geweld helpferliening.

Help sykje

Koördinator Gerda de Groot fan CSG Friesland jout oan dat it noch mar de top fan de iisberch is. "Veel mensen durven geen hulp te zoeken na een aanranding of verkrachting. Ze schamen zich, zijn bang, willen het misbruik het liefst zo snel mogelijk vergeten."

Dochs is it neffens De Groot wichtich om gau profesjonele help te sykjen, want dan is de kâns op psychysk werstel en it foarkommen fan swierwêzen en geslachtssykten it grutst.

Harkje nei de bydrage

It Centrum Seksueel Geweld is yn needsituaasjes oerdeis berikber fia it nûmer 0800-0188, yn de jûn en nacht fia in chat.

(advertinsje)
(advertinsje)