Drachtster ôffalferwurker wol twangsommen net betelje

08 jul 2019 - 19:54

De provinsje Fryslân easket 30.000 euro fan it Drachtster ôffalferwukingsbedriuw Orion, foar it yllegaal útsmiten fan polychloorbifenylen (pcb's). Orion is it net iens mei de twangsommen en stapte nei de Raad van State. De provinsje stiet gjin inkele nanogram oan pcb ta, mar neffens Orion is dat net mooglik.

In gearkomste fan de Raad van State yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

Yn 2016 en 2017 hat bliken dien dat der by Orion trije kear in útlitting west hat fan boppe de 300 nanogram de liter ôffalwetter. De provinsje hat it bedriuw dêr yn 2015 foar warskôge, en sein dat der 10.000 euro betelle wurde moast foar eltse oertrêding.

Orion produsearret gjin ôffalwetter, mar de pcb's komme mei it reinwetter dat op it bedriuwsterrein falt yn de omjouwing telâne. Orion seit dat der sprake is fan minimale útlittingen pcb's en dat se der alles oan dogge om fierdere útlitten foar te kommen

It Drachtster bedriuw meldt hieltyd wannear't der wer in útlit dien wurdt, en hjirby binne gjin pcb's mear oantroffen. Mei hjirtroch hat it bedriuw in nije fergunning krigen. Hjiryn stiet opnij dat der gjin pcb's útlitten wurde meie.

Orion giet by de rjochtbank yn berop tsjin de fergunning.

Orion is it ienige bedriuw yn Nederlân dat pcb-hâldende apparaten ferwurket. De útspraak fan de Raad van State is oer seis wiken.

(advertinsje)
(advertinsje)