Yn ien wykein binne der trije karavans iepenbrutsen yn Drachten

08 jul 2019 - 19:22

Ynbrekkers hawwe it foarsjoen op karavans yn Drachten, dit wykein waarden dêr mar leafst trije eksimplaren trochsocht. Dat barde yn in it sintrum en it eastlik part fan Drachten, dat seit de plysje East-Fryslân.

Foto: ANP

Yn alle gefallen stiene de karavans bûten op it hiem. De dief of dieven kamen binnen troch rútsjes yn te tikken om dêrnei wer fia de doar it plak te ferlitten.

Alle ynspanningen leveren net in soad op: de bút wie lyts, sa lit de plysje witte. Wol dogge sy noch de oprop om gjin weardefol guod yn 'e karavan efter te litten.

Trefwurden: 
Drachten ynbraken karavans
(advertinsje)