Stoflik omskot fûn yn it wetter by it Turfschip op It Hearrenfean

08 jul 2019 - 18:39

Op It Hearrenfean is moandeitejûn in stoflik omskot fûn, dat sei de plysje. Dy is yntusken op it plak fan de fynst om fierder ûndersyk te dwaan. It lichem lei yn it wetter by de Haskeruitgang, op 'e hichte fan it Turfschip. Mear ynformaasje kin de plysje op dit stuit noch net jaan.

De plysje is oanwêzich op de Haskeruitgang - Foto: De Vries Media

It lichem dat fûn waard, is yntusken fan it plak helle. De ôfsetting by de fiver is ek fuorthelle.

Op It Hearrenfean wurdt socht nei de miste 21-jierrige Arnee Elsinga, dy't tongersdeitejûn foar it lêst sjoen is. Of de fynst mei syn wei-wêzen te krijen hat is op dit stuit noch net dúdlik. De plysje sil nei it fêststellen fan de identiteit earst de famylje ynformearje en komt pas dêrnei mei mear meidielingen.

Foto: CAMJO media
(advertinsje)
(advertinsje)