Aize en Pier gean ikeprosesjerûp by Oerterp mei dakbaarner te liif

It probleem fan de ikeprosesjerûp liket dit jier grutter as yn oare jierren. Op guon plakken begjinne minsken no op eigen manneboet mei de bestriding. Wachtsjen op de gemeente duorret harren te lang. Yn Oerterp is Aize Kooijker der mei tegearre mei syn maat Pier op út lutsen om de rûpen te ferbaarnen.
"Wy besykje se earst op de stam te likwidearjen. Dan helje wy se nei ûnderen ta en op de grûn baarne we se mei in soart dakbaarner dea," fertelt Aize Kooijker.
Dat giet frij rap. De malju hawwe der ek gjin spesjale klean foar nedich. "Jo moatte wol goed sjen dat jo net op de wyn stean. Wy hawwe fan 'e moarn al hûndert nêsten oprêden. Guon nêsten binne al leech. Der ûntkomme ús ek wolris guonts. "Dy sitte al boppeyn de beam."
Foar brângefaar hawwe de manlju in skeppe en wetter by harren. Kooijker hat oer de bestriding kontakt mei de gemeente. De gemeente is der in bytsje mei oan, is syn yndruk. "Se binne der wat huverich foar dat de hierkes yn de loft komme. Mar as jo neat dogge komme se allegearre yn de loft. Ik tink dat ús oanpak effektiver is as de offisjele bestriding."
Gean de manlju faker op 'en paad? "Ik wol wol", seit Kooijker, "mar ik moat eins wer in maat hawwe, want Pier moat moarn wer oan it wurk. Jo moatte der net oan tinke wat der bart as de rûpen aansen flinters wurde en wy dit takom jier wer hawwe. Ik soe sizze: previntyf romje dy boel. As minsken de eigen omjouwing in bytsje yn de gaten hâlde, komme jo in hiel ein. Wy moatte it mei ús allen oanpakke."
Aize Kooijker