Stasjon Snits op twadde plak: hast alle treinen komme dêr op 'e tiid oan

08 jul 2019 - 17:51

Hast alle treinen komme yn Snits op 'e goeie tiid oan, sûnder fertraging. Dat docht bliken út de nijste sifers fan spoarbehearder ProRail. Yn Snits rydt de trein yn 98,8 persint fan de gefallen op 'e tiid.

It stasjon fan Snits - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dêrmei stiet Snits lanlik op it twadde plak, krekt achter Kampen. Ek stasjon Harns skoart heech mei 97 persint. En de stasjons fan Ljouwert en Starum sitte dêr mei sawat 95 persint krekt achter.

Ut de sifers oer de earste helte fan 2019 docht fierder bliken dat it tal grutte treinsteurings yn Nederlân mei goed 25 persint werom rûn is yn ferliking mei in jier earder.

(advertinsje)