Foppe de Haan: "De minsken efter de VAR moatte gjin skiedsrjochters wêze"

08 jul 2019 - 17:46

Neffens trainer Foppe de Haan heart krityk by it fuotbal op WK-nivo, dat jildt ek foar de fuotbalfroulju. "By it EK spilen sy hiel aardich, dan is eltsenien fol lof en posityf, want it is in grutte ferrassing. Mar op in gegeven momint hast dit toniel berikt en dan komt der krityk." De Haan hat dochs mei wille nei de WK-finale fan de Oranjeliuwinnen sjoen. Mar hy hat wol in dúdlike miening oer de VAR, de fideoskiedsrjochter: "De minsken efter de VAR, dat moatte gjin skiedsrjochters wêze."

Foppe de Haan - Foto: ANP

Snein reizge De Haan mei de KNVB ôf nei it WK fuotbal yn Frankryk. "It wie in moaie happening, in prachtich stadion en in hiele moaie entoeraazje, mar ik fûn it fuotbaljen net sa hiel geweldich," jout hy earlik oan.

Dochs is Foppe de Haan net inkeld negatyf oer de prestaasjes fan de Nederlânske froulju. "Yn earste helte libbest tige mei. Ik siet tusken Nico-Jan Hoogma en Han Berger dernei te sjen en dan hawwe wy kommentaar, mar ek wol posityf. De froulju wurken hiel hurd en holden it aardich oerein."

De Haan is posityf oer de takomst fan it Nederlânske frouljusteam. "Sy binne relatyf jong, om de 26 hinne. In pear hiel jong, Miedema is bygelyks 22 jier. Dizze groep kin noch groeie. Der sit ek wol in groepke efter ûder de 20 dy't it ek hiel aardich dogge. Der is ynienen in ploech dy't hiel aardich fuotbalje kinne en dat is wol hiel leuk."

Strafskop

En dan de wedstriid. Foar de rêst die Nederlân it net hiel min tsjin topfavoryt de Feriene Steaten. Mar yn de twadde helte slagge it de Steaten wol doelpunten te meitsjen, als wie der foar de earste goal in strafskop nedich. "Uteinlik wie de penalty wol of net terjochte, dat wit ik ek net, mar dat die de wedstriid kanteljen," seit De Haan.

"De fraach is oft de foet der earder wie of it famke dat der tsjinoan rûn. Wy hiene it idee dat de foet der al wie en dat sy der tsjinoan rûn. Dan is it in gearrin fan omstannichheden. Mar ik haw gjin idee."

De Haan: VAR moat oars

Foppe de Haan hat wol wat oer de fideoskiedsrjochter te sizzen, de saneamde VAR, "Louis van Gaal en ik hawwe it mei in soad minsken wiidweidich oer de VAR hân. Wy fine: de VAR is prima. Mar de minsken efter de VAR, dat moatte gjin skiedsrjochters wêze, mar dat moatte âld-fuotballers wêze, of âld-trainers. Minsken dy't wat mear gefoel foar de werklike omstannichheden hawwe."

Neffens de trainer giet it no net altyd goed. "It giet no te rjochtlinich as 'wat stiet der yn it regleminteboekje?' en net as 'wat bart der yn it spul?' Sy moatte harren wat mear ynlibje kinne."

Nettsjinsteande dat jout De Haan wol ta dat hy ek net oerdriuwe moat. "Oan de oare kant hat Nederlân ek profyt han fan de VAR tsjin Japan en tsjin Kanada. Dus wy moatte ek net seure."

Foppe de Haan oer de finale fan de fuotbalfroulju

(advertinsje)