Drachtster (18) krijt heal jier jongereindetinsje foar oerfal op pizzeria

08 jul 2019 - 16:48

De jonge út Drachten (18) dy't ferline jier belutsen wie by in gewelddiedige oerfal op in pizzeria yn Mearum yn Grinslân, hat in heal jier jongereindetinsje krigen. Twa oare fertochten krigen oardel jier sel en acht moanne jongereindetinsje.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

By de oerfal yn oktober ferline jier waard de eigener fan de pizzeria út 'e tiid slein, hy rekke ferwûne oan syn gesicht. De oerfallers naaiden út mei de kassa.

Begjin desimber waard in fertochte oanhâlden, in jonge fan achttjin út Roden. Dy hat syn belutsenens tajûn. De jonge út Drachten en de oare fertochte fan Nuis, ûntkenne dat sy der wat mei te krijen hân hawwe.

Trefwurden: 
Drachten oerfal Mearum pizzeria
(Advertinsje)
(Advertinsje)