Sykaksje nei fermiste Arnee Elsinga

Yn en om It Hearrenfean wurdt op dit stuit socht nei de fermiste 21-jierrige Arnee Elsinga. In ploechje fan 25 of 30 man hat him sammele achter it treinstasjon. De plysje hat de koördinaasje fan de sykaksje oernaam fan de famylje. Arnee is sûnt tongersdei fermist. Syn famylje en freonen meitsje harren grutte soargen.
Sykaksje nei fermiste Arnee Elsinga
Wy witte dat Arnee nei in besite oan kafee de Skoffel nei hûs gien is, fertelt neef Chris Elsinga dy't it wurd docht foar de famylje. Doe't syn âlden sneontemoarn by syn wente oankamen om him te ferhúzjen, stie de foardoar wiid iepen. De doazen wiene ynpakt, mar Arnee wie fuort. Alle persoanlike dingen lykas syn kaaien, beurs en telefoan leine noch wol yn de hûs.
De famylje hat gjin flau idee wat der bard is mei Arnee. It is in fleurige jonge. Hy hat in baan en in auto en hy giet gewoan nei it kafee mei syn freonen, seit syn neef. Der wurdt ek socht mei in drone yn it gebiet by Oranjewâld.
© Omrop Fryslân, René Koster
Ferslachjouwer René Koster