Bedriging om beferzen kat: wurkstraf

In man út Kimswert hat in wurkstraf fan 15 oeren krigen, omdat er in meiwurker fan de biste-ambulânse bedrige hat. It slachtoffer kaam by de man om syn deade kat te bringen.
© Omrop Fryslân
De Kimswerter miste de kat al in pear dagen. Hy koe it stoflik omskot krije as er it standert bedrach fan 35 euro betelje soe. Doe't de fertochte seach dat de kat beferzen wie, gie it mis.
Neffens de Kimswerter waard de sjauffeur fan de ambulânse agressyf, doe't hy dêr wat fan sei. Mar it slachtoffer en twa tsjûgen seine dat de fertochte de sjauffeur bedrige en besocht te slaan. De rjochter gie mei yn dat ferhaal.