Wer in ekstra foarstelling Kollumer Oproer, tongersdei is echt de lêste dei

08 jul 2019 - 16:23

It teäterspektakel Kollumer Oproer kriget der opnij in ekstra jûn by. It giet om no tongersdei (11 july), Earder waaarden tiisdei en woansdei ek al taheakke oan de spylist. It stik gie ferline wike tongersdei yn premjêre. By de try-out siet it al nokfol, fertelt sjonger Marcel Smit dy't ek in rol yn it stik hat. "Der kinne 1200 man op de tribune. Dy sieten der oant no ta alle jûnen."

Foto: Piet Douma

"It is in spektakelstik. De minsken wurde letterlik meinaam yn de show. Der bart fan alles. Komst eagen en earen tekort", fertelt Smit. Foar him persoanlik is it ek wol in spektakel. Hy stiet op in dak. "Dat wie foar my wol eefkes in dinkje, want moatst wol omheech en ik haw in hekel oan hichte, Mar de show must go on."

Levi as bliuwend oantinken

Marcel hat oan it dakaventoer wol in húsdier oerhâlden, Op it dak skarrelen ek twa jonge katsjes om. "Ik frege oan de eigener oft ik ien hawwe mocht. Dat mocht en doe haw ik him de jûn fan de premjêre fuortendaliks meinommen nei hûs. It bistje hat de namme Levi krige. Sa hawwe wy der thús ek in bliuwend oantinken oan oerhâlden." Smit is nij yn de teäterwrâld. It foldocht him hiel goed. "Dit smakket nei mear."

Marcel Smit

(Advertinsje)
(Advertinsje)