Hieltyd mear huzen troch belizzers foar ferhier opkocht: en starters dan?

Der binne hieltyd mear huzen dy't opkocht wurde troch belizzers en sa yn de partikuliere ferhier komme. Lanlik giet it al hast om in heal miljoen huzen, docht bliken út sifers fan it CBS. Yn Ljouwert giet it bygelyks al om njoggen persint fan de huzemerk. Dizze ûntwikkeling makket it yn de dochs al krappe merk foar starters nóch dreger. Neffens foarsitter Willem Donker fan NVM-Fryslân (Nederlandse Vereniging van Makelaars) spilet it benammen yn de Fryske plakken Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten en Snits.
© ANP
"It giet om wenten dy't goed te ferhieren binne en dan moatst benammen tinke oan apparteminten yn it priissegmint oant 220.000 euro, somtiden 230.000. Mar ek wolris hoekwenten of tuskenwenten," jout Donker oan. "It binne de grutte plakken dêr't apparteminten binne, de lytse doarpen hawwe oer it algemien net in soad apparteminten en boppedat is de ferhierberens dêr ek minder."

Heger rendemint

De trend is maklik te ferklearjen, seit Donker. "Der binne rike partikulieren dy't kieze kinne foar óf in rendemint fan 0 op harren sparrinte by de bank, óf it keapjen fan ûnreplik guod. As in belizzer in pân keapet fan 210-220.000 euro en dat dêrnei foar 750 oant 900 euro yn de moanne ferhiert, dan kin hy in moai rendemint meitsje fan 6-7 persint, en dat is mear as de 0 persint dy't de bank jout."

Goede priis en betingsten

Dat is net it iennige, want foar in ferkeaper is in belizzer in maklike keaper. "It giet net allinne om it bedrach, mar ek om de betingsten. In belizzer hat poerbêste betingsten, want dy hoecht gjin foarbehâld fan finansierjen en kin it bedrach sa ôftikje. En hy giet der oer it algemien net wenjen en dêrom is hy kwa oanfurdigjen ek fleksibel," leit Donker út. It is dus fan it perspektyf fan in ferkeaper út hiel oanloklik om oan in belizzer te ferkeapjen.

En starters dan?

"Foar starters is it dreech. It is in frije merk, fraach en oanbod bepale de priis en de ferkeap fan wenten en apparteminten giet hiel earlik. Dan is it oan de ferkeaper oft dy syn wente ferkeapje wol oan in foar him geunstige keaper." Faak is der in soad konkurrinsje. "As ik in keaper kieze kin mei goede betingsten en in goede priis, of in keaper mei foarbehâld fan finansierjen en dy't kwa oanfurdigjen net mei wol, dan is de kar al gau makke. Litte wy earlik wêze, dat soene wy allegearre dwaan."
It is neffens Donker yndie dreech as starter, mar it sil net ivich duorje. "Der binne hieltyd mear ferkeapers dy't fan in soarte 'gunfaktor' wol ferkeapje wolle oan starters, sa kinst der noch wolris tusken komme." En de ûntwikkeling komt ek wer ta in ein. "Wy hawwe de wyn mei yn de huzemerk en dan sjogge jo sa'n fenomeen opdûken, mar der sille tiden komme dat it wer dreger wurdt. Mar foarearst sitte wy der wol mei."
NVM-foarsitter Willem Donker oer de Fryske huzemerk