PvdA: rolstoelbrûkers moatte ek nei Glemmer Beach kinne

08 jul 2019 - 15:46

Minder falide minsken moatte ek nei it Glemmer Beach Festival kinne. En dêr moatte boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren mei de organisaasje oer prate. Dat fynt de fraksje fan de PvdA yn de gemeente De Fryske Marren.

Foto: Harry Muis

De organisaasje fan Glemmer Beach hat sein dat se gjin rolstoeltickets mear oanbiede kinne, omdat se de feiligens fan de minsken net garandearje kinne. De steile dyk yn kombinaasje mei rydplaten, sân en somtiden rein, soargje foar gefaarlik situaasjes, seit de organisaasje.

De PvdA-fraksje is it der net mei iens dat minderfalide minsken net mear wolkom binne. De partij wiist derop dat neffens it Verdrag van de Verenigde Naties persoanen mei in beheining rjocht hawwe op tagong ta kultuer. "En het is het volgens onze overheid een mensenrecht toegang te krijgen tot het deelnemen aan het maatschappelijk verkeer, waar cultuur een onderdeel van is", seit de PvdA.

Fergunning

De fraksje wol fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren witte hoe't dy oer de kwestje tinke. En de PvdA wol ek witte oft der by it ferlienen fan de fergunning omtinken west hat foar minderfaliden. As dat net sa, soe it kolleezje mei de organisaasje fan Glemmer Beach regelje moatte dat minderfaliden dochs nei de konserten ta kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)