Troch 'cupcakegeneraasje' komme minder bôlebakkers fan bakkerfakskoallen

08 jul 2019 - 15:13

Ek yn Fryslân driget it tal ambachtlike bakkers ôf te nimmen. Moandei waard bekend dat der lanlik noch tusken de 1.500 en 2.000 bakkers binne, mar de kommende tsien jier giet in grut part mei pensjoen en se kinne faak gjin opfolger fine. Op de bakkersoplieding yn Ljouwert herkenne se de situaasje, seit dosint en coach Sietske van der Bij.

Dêr binne net safolle learlingen mear op de bakkersopliedingen. En it wurde de kommende jierren noch minder, omdat bakkers dy't mei pensjoen gean, faak gjin opfolger fine kinne. Dat komt ûnder oare trochdat it fak sa'n min imago hat. Midden yn de nacht fan it bêd ôf om te bakken en lange dagen meitsje. Dêr sit net elk op te wachtsjen. De Stichting Bedrijfsopvolging Bakkerij komt dizze wike mei in kampanje om jongeren te ynteressearjen foar it fak.

Eelco hat foar de bakkersoplieding keazen. Hy hâldt fan rûch wurkjen. "Dat krekte wurk, lykas sûkelade meitsje, is neat foar my," fertelt er.

Heel Holland Bakt

"It tal studinten op de bakkersoplieding fan it Friesland College is noch wol reedlik", fertelt Sietske van der Bij. De measte learlingen kieze foar de banketôfdieling. "Wy hawwe mei it programma 'Heel Holland Bakt' wol mear oanmeldingen fan famkes krigen. Mar dy kieze allegearre foar de banketôfdieling. Wy neame it 'de cupcakegeneraasje'", fertelt Van der Bij.

Op besite by de bakkersoplieding fan it Friesland College

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Fjouwer oeren

Ambachtlike doarpsbakkers fernimme ek dat der te min bôlebakkers binne. Bakker Siesling yn Frjentsjer is noch net echt mei syn opfolging dwaande. As it safier is, hopet er dat syn soan it oernimme wol. "Ik moast no ek in bôlebakker hawwe en dat falt net ta", fertelt Siesling. Bôlebakkers moatte om 2 of 3 oere nachts oan it wurk. Banketbakkers kinne bygelyks wat langer lizzen bliuwe. "In bôle bakke duorret gewoan fjouwer oeren. Dan kinne jo noch sa modern wêze mei apparatuer, fjouwer oeren is fjouwer oeren. Dy tiid hat it gewoan nedich."

Siesling hat úteinlik wol in bôlebakker fûn. Dy komt oer fan bakker Nico en Aeltsje de Groot yn Stiens. "Dy bakker komt by ús wei", fertelt Aeltsje de Groot. Yn de bakkerswrâld gean de bôlebakkers fan de iene nei de oare bakkerij. "Sa giet it faak. As wy in nijenien hawwe, betsjut dat dat der by in oar ien weigien is. Der binne net genôch."

Aeltsje de Groot is op syk nei in bôlebakker

(Advertinsje)
(Advertinsje)