Organisaasje Admiraliteitsdagen rekkenet op rekôrtal besikers

08 jul 2019 - 14:31

De organisaasje fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum rekkenet dit jier op in rekôroantal fan 100.000 besikers. Foarich jier kamen der sa'n 85.000 besikers op it nautyske evenemint ôf. Troch nije aktiviteiten en in oare ynfolling fan de iepeningsdei op tongersdei wurde dit jier noch mear minsken ferwachte.

Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Foar de freedtejûn stiet de tradisjonele Night of the Praams op it programma, mei bekende artysten lykas Ellen ten Damme en Jan Dulles fan de 3J's. De muzikale ynfolling fan de sneontejûn is noch net bekend.

De Admiraliteitsdagen binne dit jier fan tongersdei 5 oant en mei snein 8 septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)