Arnee Elsinga fan It Hearrenfean wurdt sûnt tongersdei fermist

08 jul 2019 - 12:52

De famylje fan de 21-jierrige Arnee Elsinga fan It Hearrenfean is op syk nei harren soan. Arnee is net mear sjoen nei in besite oan kafee de Skoffel op It Hearrenfean. Yn in berjocht op Facebook wurdt minsken frege om ynformaasje yn ferbân mei de fermissing.

De heit en mem fan Arnee Elzinga soene harren soan sneon ferhúzje, mar doe't se dy moarn by de wenning oankamen wie er der net. Der is op Burgernet in melding dien en de plysje is ek ynskeakele.

(advertinsje)