Clevering: "Opnij ynrjochtsjen Burd en Hege Warren foar farwei is kapitaalferneatiging"

08 jul 2019 - 12:47

Der moat gjin farwei komme oer De Burd en De Hege Warren. Dat fine Water Natuurlijk en D66, PvdA, Lijst058, PAL/GrienLinks en FNP. Om dêr omtinken foar te freegjen tsjinje de fraksjes moasjes yn by it Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân en by de gemeente Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De Burd is troch it Wetterskip en It Fryske Gea ynrjochte ta natuergebiet. Dat hat 25 jier lang duorre en 18 miljoen euro koste. Yn septimber sil de provinsje prate oer it nije farweiplan. Yn de ûnderhannelingen dy't fierd binne foar it nije kolleezje, binne de partijen der net útkommen en is de rûte oer De Burd noch altyd in opsje.

Kapitaalferneatiging

Tieneke Clevering fan Water Natuurlijk Fryslân is net bliid mei de plannen: "It gebiet is krekt foar miljoenen ynrjochte foar natuer en rekreaasje. Dêr no in farwei oanlizze soe kapitaalferneatiging wêze, want it gebiet moat dan opnij ynrjochte wurde."

"Minsken yn Grou en omkriten hawwe op ynspraakjûnen wol witte litten, dat se net bliid binne mei de nije farwei. It libbet bot by de minsken. Se fiele harren net serieus naam", seit Clevering.

De provinsje giet oer it beslút oft der wol of net in nije farwei komt. De partijen Water Natuurlijk en de fraksje fan D66 Fryslân tsjinje moasjes yn by Wetterskip Fryslân, en by de gemeente Ljouwert, sadat dy de tsjinarguminten meinimme kinne yn it oerlis mei de provinsje. "Mar is dit wol wat jo wolle?", freget Clevering har ôf. "It giet om de alâlde tsjinstelling ekology-ekonomy. Is it moai wenjen of moai wurkjen?"

Trefwurden: 
de Burd Hege Warren farwei
(advertinsje)
(advertinsje)