Fersterking Lauwersmardyk by Eanjum offisjeel úteinset

08 jul 2019 - 12:14

De fersterking fan 4,4 kilometer Lauwersmardyk by Eanjum is moandeitemoarn offisjeel úteinset. It dykfak tusken de Peazemerlannen en de Cleveringslûzen foldocht net oan de wetlike feilichheidseasken. Wetterskip Fryslân sil de dyk no fersterkje mei duorsume en bûchsume stiennen fan in type dat net earder by in Nederlânske seekearing brûkt is.

De nije beklaaiïng mei de saneamde interlock setstiennen wurdt al jierren brûkt oan de Dútske Waadkust. In grut foardiel fan it nije systeem is dat dykfersakkingen fuortendaliks te sjen binne, wylst de dyk wol syn sterkte behâldt. De fleksibele stiennen wurde makke troch in bedriuw út Fryslân en produsearre by Burgum. De stiennen wurde dêrwei oer de dyk nei Eanjum brocht. It giet om sa'n tsien frachtauto's deis.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De operaasje is nedich, omdat der skuorren sitte yn de asfaltlaach op de seedyk. De beklaaiïng fan no wurdt der ôfhelle en wer op 'e nij brûkt. De dykfersterking kostet mei-inoar 26 miljoen euro en moat ein 2021 klear wêze.

De fersterking is ûnderdiel fan it lanlike heechwetterbeskermingsprogramma. Foar Wetterskip Fryslân sit der in noch folle grutter dykfersterkingsprogramma oan te kommen, want it dykfak Koehoal-Eanjum moat ek noch oanpakt wurde. De kosten fan dat projekt wurde rûsd op sa'n 300 miljoen.

It nasjonale heechwetterbeskermingsprogramma draacht in grut part fan dy kosten, mar ek it wetterskip sels sil hjirfoar ta de bûse moatte.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by de start fan de dykfersterking

Direkteur Hans Kamminga fan LBN Betonproducten

Direkteur Erik Wagener fan it Hoogwaterbeschermingsprogramma

(advertinsje)
(advertinsje)