Sikke Heerschop hâldt op mei Wylde Wytse, fierder mei oar skûtsje

08 jul 2019 - 11:42

Sikke Heerschop sil dit jier foar it lêst mei it skûtsje Wylde Wytse meidwaan oan de IFKS. Hy sylt yn de grutte A-klasse. De skipper docht tritich jier lang mei oan it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen, sûnt 2003 mei de Wylde Wytse.

Foto: Omrop Fryslân

Heerschop hat in skûtsje út Ingelân kocht dêr't op it stuit drok oan boud wurdt. It is de bedoeling dat er takom jier in nije start makket op dat skûtsje.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries
(advertinsje)