Trein rekket auto op ûnbewaakte spoaroergong tusken Ljouwert en Snits

08 jul 2019 - 11:42

In autobestjoerder hat moandeitemoarn in ingeltsje op it skouder hân by in ûnbewaakte spoaroergong by Boazum. In trein dy't ûnderweis wie fan Ljouwert nei Snits hat de auto rekke, doe't dy by de spoaroergong op it lânboudykje de Singel wie.

Hoe't it barre koe, is net dúdlik. De bestjoerder fan de auto kaam mei de skrik frij en ek yn de trein rekke gjinien ferwûne. It treinferkear tusken Ljouwert en Snits lei oant 11.30 oere stil. Ferfiersbedriuw Arriva sette salang bussen yn.

ProRail

"We kunnen ons goed voorstellen dat de machinist en de bestuurder flink geschrokken zijn," jout Albert Baas fan ProRail oan. "Zulke incidenten kunnen gevaarlijk aflopen, gelukkig zijn er hier geen slachtoffers gevallen."

Neffens wurdfierder Baas is ProRail drok dwaande om ûnbewaakte spoaroergongen fuort te heljen. "In totaal waren daar aan het begin van ons strijdplan nog zo'n 160 van, inclusief een aantal particuliere huisaansluitingen. Daar zijn intussen al 30 van weggewerkt. In de overigen zijn we in gesprek met bewoners en gemeenten waarbij we streven om de overwegen uit het spoor te halen en een alternatief te verzinnen.

Oplossing foar Boazum

"Als het echt niet anders kan met een overweginstallatie, dat geldt ook voor Boazum, dan moet het opgelost worden met bellen en slagbomen. We zijn in gesprek met de betrokkenen, gemeente Waadhoeke en de provincie om het project samen te betalen. Die gesprekken zijn bijna afgerond en in het najaar moeten de bomen en bellen er daadwerkelijk komen, al is dat nog afhankelijk van het aanbestedingsproject."

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Aldert Baas fan ProRail oer de situaasje yn Boazum

Trefwurden: 
auto trein spoar Boazum oanriding
(advertinsje)
(advertinsje)