Skiednis troch de eagen fan bern, Boazumers lizze skiednis fêst mei tekening en podcast

08 jul 2019 - 11:29

Learlingen fan basisskoalle It Dûbelspan yn Boazum hawwe in eigen oersjoch fan de skiednis makke. De 'bernekanon fan de skiednis' wurdt moandeitemiddei troch de bern sels presintearre. It is de earste berneskiedniskanon fan Fryslân. Skiednislearares Harmke van der Werf fan de skoalle kaam mei it idee. "Ik stelde my foar dat de Berlynske muorre yn Boazum stean soe en dat jo net mear mear de wrâld yn kinne. Dat brocht my op it idee hoe't it oarsom wurkje soe. Hoe is it mei de skiednis yn Boazum?"

Ynspiraasjeboarne wie in rol papier mei dêrop de histoaryske 'Kanon fan Boazum' dy't master Breuker fan de skoalle 55 jier lyn makke hie, en dy't krektlyn weromfûn is op de souder fan de skoalle. Yn 1963 bestie de skoalle 90 jier en krigen de bern de opdracht de skiednis te tekenjen.. "Dêr woene wy mei fierder", seit Harmke van der Werf.

Tekeningen út 1963 binne no ek skiednis wurden

"En de tekeningen fan 1963 binne no ek skiednis wurden. Want wa hat se makke en wa joech de opdracht. Bliken die dat it âld-heechlearaar Phillippus Breuker wie. Hy wie doe skoalmaster yn it doarp en wennet no wer yn Boazum. Frans Tolsma is ien fan bern dy't yn 1963 in tekening makke hie. Hy fertelde der no oer yn de klasse en doe begûn it te libjen by de bern. "Se flusteren: Stel dy foar dat wy ek wer oer 50 jier weromkomme meie om hjiroer te fertellen."

Foto: Google Streetview

Underdiel fan it skiednisprojekt is in podcast. "De bern kamen sels mei it idee. Se mochten hielendal sels witte hoe't se dat oanpakken woene. Betingst wie wol dat se in fraachpetear hâlde soene. In jonkje wist wol hoe'tst in podcast yninoar sette moatst."

Lesmetoade

Yn Boazum hawwe se ûnder oare stipe hân fan de Stichting Fryslân Ferline. Der wurdt wurke oan in lesmetoade dêr't alle skoallen mei oan de slach kinne. "De bern moatte op ynternet dingen ynfolje, kompleet mei jiertal en kategory. As mear skoallen dat dogge, kinne jo aansen fan ferskate plakken yn in tiidsperioade sjen wat der barde. Dan wurdt it de skiednis fan Fryslân troch de eagen fan bern."

Harmke van der Werf

(advertinsje)