Húsdokters yn Noardeast-Fryslân bondelje krêften

De húsdokters yn Noardeast-Fryslân bondelje de krêften. Se foarmje tenei in koöperaasje. Mei alle feroaringen yn de soarch is it neffens harren hurd nedich om ien stim hearre te litten. Ek wolle se hjirtroch mear en profesjoneler gearwurkje, bygelyks yn it kontakt mei gemeenten, thússoarchorganisaasjes en soarchfersekerders.
© Omrop Fryslân
Fierder wurdt der ynset op bettere ôfstimming yn de soarch en soarchfernijing. Foar de 50.000 pasjinten dy't ûnder de nije húsdokterskoöperaasje falle, feroaret der earst neat.
De mearderheid fan de húsdokters yn de regio hat him yntusken oansletten by it nije inisjatyf. Harren kollega's yn Noardeast-Fryslân dy't dat net dien ha, binne noch altyd wolkom, sizze de inisjatyfnimmers.