Oarlochsferteller Foppe Dupon "krige klassen echt stil en wie geweldich tolerant"

Oarlochsferteller Foppe Dupon út Garyp wie in hiel bysûndere man, dêr't skoalbern in soad fan leard ha. Dat seit syn doarpsgenoat en freon Gjalt Wijmenga. Hy hat Dupon jierren kend. De Fryske oarlochsferteller is sneintemoarn yn syn wenplak ferstoarn, yn 'e âldens fan 96 jier.
Fryske oarlochsferteller Foppe Dupon (96) ferstoarn
Yn de Twadde Wrâldoarloch hie Dupon ferskriklike dingen meimakke, ûnder oare yn Kamp Amersfoort. Lang woe en koe er dêr net oer prate, mar de ôfrûne jierren fertelde hy syn oarlochsferhaal oan groepen skoalbern. Foarôfgeand oan de deadebetinking soms wol trije kear yn de wike. "Hy krige klassen echt stil", seit Wijmenga.
Wijmenga priizget de grutte tolerânsje fan Dupon. "Hy hat natuerlik in ûntychlik soad meimakke en dizze man wist sels noch te fertellen dat der Dútsers wiene, dy't leaf wiene. Hy seach it goeie yn de mins en feroardielde wol it systeem derachter fansels, mar nimmer noait de lju. Geweldich tolerant."
Foppe Dupon © Omrop Fryslân
Ek Wijmenga wist lang net wat Dupon allegear belibbe hie yn de oarloch. "Kamp Amersfoort wie natuerlik in groulik kamp, dêr't hy Kotälla meimakke hat, ien fan de Trije fan Breda. Kompleet ûnminsklik wat dêr gebeurde: sechtjin oeren achterinoar stilstean, tolve of tweintich stiennen op 'e hannen meidrage moatte en in pear hûndert meter hinne en weromrinne. En as je dat falle lieten, dan krige je op 'e donder en waard der mei stokken slein."
Nei Kamp Amersfoort waard Dupon te wurk steld yn in kamp yn Dútslân. Doe't er nei de befrijing wer thúskaam, koe er net op in waarm wolkom rekkenje. "Hy fernaam dat er neiwiisd waard mei de finger en hearde ek dat minsken seine: 'moatst sjen, dy hat foar de Dútsers wurke'. Dat is eat wat him ôfgryslik sear dien hat, dat de eigen befolking him net erkende."

Fotomonumint

Dy erkenning krijt Foppe Dupon nei al dy jierren no dochs noch, fertelt Wijmenga. In foto fan Dupon wurdt opnommen yn in nij fotomonumint fan it betinkingssintrum dat no yn Kamp Amersfoort sit. Yn it kamp yn Leusden sieten 35.000 finzenen en sa'n 1.000 dêrfan kamen út Fryslân. Ek dizze minsken moatte mei it fotomonumint wer in gesicht krije.
Foppe Dupon © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Doarpsgenoat en freon Gjalt Wijmenga oer de ferstoarne oarlochsferteller Foppe Dupon