Kollum: "Kampioenen fan it ûnferstân"

08 jul 2019 - 08:43

"Wat in kater justerjûn. Wy binne krékt gjin wrâldkampioen. En mei wy bedoel ik fansels: 'ús Oranjefroulju'. It kin net ien ûntgong wêze dat we juster mei 2-0 de finale ferlearen fan Amearika. En dus wie it balen justerjûn. Al rap streamden op social media de lokwinsken foar it twadde plak fan ús froulju binnen. En - hoe soe it ek oars - der sieten ek dit kear wer in pear hiel sneue reaksjes tusken.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

"Knap hoor, maar het blijft natuurlijk vrouwenvoetbal." "Goed gedaan meiden. Nu weer de keuken in." "Een beetje knappe vijfdeklasser zou deze finale wél hebben gewonnen." Jawol. Dêr binne se wer: de jittikmigers. En yn dit gefal benammen manlju. Soere, jaloerske sekken, dy't it efkes net ha kinne dat ús Oranjefroulju alle oandacht krije.

Nei ôfrin fan elke wedstriid fan de Oranje Leeuwinnen seach ik efkes op Twitter om de reaksjes te lêzen. Kinst better net dwaan - wit ik ek wol - mar ik kin it soms net litte. En alle kearen wer seach ik mannen dy't eamelje dat it allegear leuk en aardich is, mar dat it fansels wol om frouljusfuotbal giet. Mei oare wurden: stelt neat foar.

Wêrom is dat? Wêrom is fuotbal kenlik allinnich wat dêr't manlju écht goed yn wêze meie? Wêrom bliuwe wy dat konstant fergelykjen mei wat manlju kinne? Ik hear noait ien nei ôfrin fan de finale fan Wimbledon eameljen: "Leuk, dy Kiki Bertens, mar it bliuwt fansels wol frouljustennis." Of by it WK sprint yn Thialf nei de winst fan Jorien ter Mors: "Knap hear, mar ja, hé, it is en bliuwt frouljusreedriden." Dat hearst noait. Dus wêrom dogge wy dat by fuotbal dan wol?

Sjoch nei álle sporten op topnivo en de konklúzje is helder: manlju binne sterker en rapper. Dat is gewoan genetysk sa bepaald. Utsein by ien sport fansels - en dêrom is dat ek de moaiste sport op de wrâld - en dat is kuorbal. De iennige sport dêr't sawol froulju as manlju yn it fjild stean. Us Oranje kuorbalteam, dat al njoggen kear wrâldkampioen wurden is, bestiet út manlju én froulju. Dus gjin geëamel nei de tiid.

No soe sa'n mjuks fan manlju en froulju ek prima kinne by fuotbal, mar dat sil wol flokken yn tsjerke wêze, dus lit my dat mar net foarstelle. Mar wy moatte wol ôf fan dat ivige geseik oer frouljusfuotbal. Dat it neat foarstelt. Dat sels it fyftichplus-team fan Bombats noch better spilet. Dat dy froulju har better dwaande hâlde kinne mei gehakballen yn stee fan fuotballen. Al dat soart sneue opmerkingen.

Myn foarstel is dat al dy manlju dy't sa sitte te mekkerjen, harren oanmelde kinne foar in grande finalewedstriid tsjin ús Oranjefroulju. Al dy sneutsjes dy't thús mei de telefoan yn de hân digitaal sa'n grutte bek ha, meie delkomme yn de Johan Cruijff Arena om foar iens en foar altyd sjen te litten hoe goed oft se binne. Winne dizze eamelsekken, dan meie se harren gal spuien bliuwe online. Mar ferlieze se, dan moatte se tenei altyd spylje yn in Oranjeshirt mei achterop de tekst: 'Kampioenen fan it ûnferstân'."

(advertinsje)
(advertinsje)