Snits baalt nei ferlies fan Oranje-fuotbalfroulju

07 jul 2019 - 21:43

Yn it foar hiene se alle fertrouwen yn in goede ôfrin by de fuotbalferiening Snits Wyt-Swart. It is de earste klup fan rekôrynternasjonal Sherida Spitse. Sa'n 150 minsken seagen dêr op in grut skerm hoe't Oranje fuortspile waard troch de Amerikanen.

Oranje hold lang stân. Yn de rêst wie der noch net skoard, mar yn de twadde helte wienen de Amerikanen better. Nederlân ferlear mei 2-0.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach de wedstryd yn Snits.

Spitse sei nei ôfrin tsjin de NOS dat de froulju grutsk wêze meie. "Het is natuurlijk teleurstellend, want je wilt altijd winnen, maar we mogen zeker trots zijn op onszelf. We worden tweede tegen een heel goed Amerika."

(advertinsje)