Jacob de Vries wint autocross yn Blauhús

De 40ste edysje fan it Frysk kampioenskip autocross is in proai wurden foar Jacob de Vries fan Blije. Op it sirkwy fan Blauhús kaam hy as earste oer de streek.
© RaRaRacing
Yn de FAC1600-klasse wist Roel de Vries as earst te finishen. Sybe van der Wal waard lang om let kampioen yn de rodeoklasse. En yn de stockcar wie it in Ingelsman dy't de earste priis krige: Dave Polley wie de bêste.

Drûchte

De organisaasje hie it de ôfrûne dagen drok mei de baan, trochdat it lang drûch west hat. Foar de dielnimmers wie it dêrtroch ek lestich om de goeie ynstellingen te finen.
© RaRaRacing