Van der Bos en dy keatse superieur mei njoggen oerwinningen yn alve wedstriden

07 jul 2019 - 19:40

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra hat yn Huzum de frije-formaasjewedstriid wûn. Fan de alve wedstriden oant no ta wiene njoggen in proai foar Bos en dy.

De winners yn Húzum - Foto: Henk Bootsma

Van der Bos is útroppen ta kening. "De hiele partij hat eins net spannend west", sei er nei ôfrin. "We meie net mopperje. It rint."

Van der Bos en dy fersloegen yn de finale Marten Bergsma, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar mei 5-4 en 6-2. It slagget it partoer fan Bergsma almar net om de hegemony fan Van der Bos en dy te trochbrekken.

Renze Pieter Hiemstra baalt derfan. "It begjin fan it seizoen kinne we lang en breed oer prate, mar dat wie net goed. De fleur komt der net yn. En as je it keatsend net oer de streek lûke kinne, dan krije je dat ek net."

By de froulju wûn it partoer fan Ilse Tuininga yn de finale mei 5-0 en 6-6 fan it partoer fan Anne Monfils. De tredde priis wie foar it partoer fan Nynke Sijbrandij.

Winners yn Húzum - Foto: Henk Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)