Sherida Spitse "heel trots" nei ferlies yn WK-finale

07 jul 2019 - 19:14

De Nederlânske fuotbalfroulju meie tige grutsk wêze. Dat sei Sherida Spitse fuortendaliks nei ôfrin fan de WK-finale. Oranje ferlear mei 2-0 fan de Feriene Steaten.

"Het is natuurlijk teleurstellend, want je wilt altijd winnen", sei Spitse tsjin de NOS. "Maar we mogen zeker trots zijn op onszelf. We worden tweede tegen een heel goed Amerika."

Spitse komt oarspronklik fan Snits. By har âlde fuotbalklup sieten tsientallen minsken te sjen nei de wedstriid.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

"We hebben gestreden voor elke meter", seit Spitse. "En dan krijgen we een penalty tegen. Ik vraag me af of het echt een penalty was."

Fideoskiedsrjochter

De penalty waard jûn nei yngripen fan de fideoskiedsrjochter, neidat Stefanie van der Gragt mei de foet it skouder fan in Amearikaanske oanfaller rekke hie.

"Het is doodzonde dat we verliezen", seit Spitse. Maar we mogen ongelofelijk trots zijn."

Nederlân die pas foar de twadde kear mei oan it wrâldkampioenskip. Yn 2015 kaam Oranje net fierder as de achtste finales.

(advertinsje)