Oranjefroulju ferlieze histoaryske finale fan Feriene Steaten

07 jul 2019 - 18:54

De Nederlânske fuotbalfroulju ha de finale fan it wrâldkampioenskip mei 2-0 ferlern fan de Feriene Steaten. It wie de earste kear dat de Nederlânske froulju yn de finale fan in WK stiene.

Foto: www.orange-pictures.nl

Sherida Spitse fan Snits spile yn de basis fan Oranje. By har âlde fuotbalploech wiene tsientallen minsken by mekoar kaam om de wedstriid te besjen.

Megan Rapinoe iepene de skoare nei in oere, út in strafskop, dy't jûn waard nei yngripen fan de fideoskiedsrjochter nei in oertrêding fan Stefanie van der Gragt. In pear minuten letter makke Rose Lavelle de 2-0.

It is de fjirde kear dat 'Team USA' de wrâldtitel pakt. En al hat Oranje net wûn, it doel fan dit toernoai is wol helle, want troch de heale finale te spyljen hat Nederlân him kwalifisearre foar de Olympyske Spelen.

(advertinsje)
(advertinsje)