FIDEO: Sa wint Fryslân it fierljeppen fan Hollân

07 jul 2019 - 16:42

Op papier wiene de Hollanners it bêste. Wa't de gemiddelde sprongen optelde, wist dat se dit seizoen sa'n alve meter fierder sprongen as de Friezen. En yn de ôfrûne fiif jier gong de winst fjouwer kear nei Hollân. Dochs wie it ferskil, 1.74 meter, dit jier yn it foardiel fan Fryslân.

Ferslachjouwer Freark Wijma sette de hichtepunten fan de twakamp op in rige.

Neffens ljepper Sytse Bokma wie it in drege wedstriid, benammen troch de hurde wyn. "We sprongen allegearre hiel matich. Mar oer de breedte winne je dan dochs."

Mei in minimaal ferskil fan 1.74 meter hat Fryslân yn de twakamp de Hollanners ferslein. Dat is oer 24 ljeppers goed sân sintimeter de persoan.

Utslach twakamp Fryslân - Hollân 2019

Kategory Fryslân Hollân Ferskil
Totaal 393.34 391.60 + 1.74
Senioaren 149.45 148.58 + 0.87
Froulju 57.08 56.79 + 0.29
Junioaren 70.69 69.15 + 1.54
Jonges 64.45 65.80 - 1.35
Famkes 51.67 51.28 + 0.39

De twakamp is de iennige wedstriid foar fierljeppers dy't yn teamferbân plakfynt. It duel tusken de bêste 24 fierljeppers fan it Frysk Ljeppers Boun (FLB) en de 24 toppers fan de Polsstokbond Holland (PBH) stie sneon foar de 54e kear op it programma. Sûnt 1966 wie Fryslân 40 kear de sterkste.

Foto: Martin de Jong
Trefwurden: 
fierljeppen Drylts twakamp
(advertinsje)