Bestjoerder rydt troch stek en bedarret meters leger yn it wetter

By Ljouwert is in bestjoerder mei de auto yn it wetter bedarre neidat er troch in stek hinne riden wie. Der siet in bocht yn de dyk. De auto gong rjochttroch.
Auto bedarret yn it wetter
It ûngelok wie by de oprit fan de N31 by Ljouwert-Noard. It wetter is dêr meters leger as de dyk. De bestjoerder soe op eigen krêft út de auto kommen wêze. Minsken fan de ambulânse ha him ûndersocht.
It is net dúdlik wêrtroch't de auto fan de dyk rekke is.