Bakhuzen klaget oer dokterswacht: "It duorret te lang foardat se der binne"

Der komme in protte klachten oer de beskikberheid fan de dokterswacht yn de regio Bakhuzen. Dat seit de foarsitter fan it doarpsbelang.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De regio Bakhuzen makket gebrûk fan de dokterswacht yn Snits. Dy sit 30 kilometer fierderop. Der binne boppedat trije brêgen yn de rûte, en dy soargje geregeld foar ekstra opûnthâld, seit Wink Blomsma. Hy is de foarsitter fan doarpsbelang Bakhuzen, Murns en Riis.
Neffens Blomsma moat der opnij sjoen wurde nei keppeling fan in dokterswacht oan de amulânsepost yn Koudum. "De ambulance kan hier gelukkig wel op tijd zijn, maar de dokterswacht niet."
Blomsma: "Je zou hier een dokterswacht in de buurt moeten hebben"
Der hat dêr alris in proef west, mar dy is op neat útrûn. Húsdokter Janneke Osinga fan Bakhuzen befêstiget de klachten oer de dokterswacht, mar neffens har geane se benammen oer de wachttiden oan de tillefoan.
"De oanrydtiden sitte binnen de noarmen dy't dêr foar stean, mar der moat faak lang wachte wurde foar't men ien oan de tillefoan sprekke kin", seit Osinga. Neffens har wurdt der by de dokterswacht al oan in oplossing wurke.
De kwestje kaam oan 'e oarder yn it radioprogramma Buro de Vries. Dat programma makket in simmertoer troch de provinsje hinne.