GrienLinks-Opsterlanders wol mear omtinken foar grien en biodiversiteit

07 jul 2019 - 12:05

De gemeente Opsterlân moat him ek rjochtsje op grien, biodiversiteit en sirkulêre ekonomy. Dêr soene natuerferieningen en oare belanghawwenden út de mienskip by belutsen wurde moatte. Dat wol de fraksje fan GrienLinks-Opsterlanders. Se wolle dêrfoar in moasje yntsjinje op de kommende riedsgearkomste.

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De gemeente Opsterlân rjochtet him no op trije gebieten dy't ûntwikkele wurde moatte. Dat binne leefberens, duorsumens en in mienskip dêr't minsken net bûten de boat falle. De tema's grien en biodiversiteit moatte dêr ek by komme, fynt de fraksje fan GrienLinks-Opsterlanders.

"Biodiversiteit, klimaat en sirkulêre ekonomy binne te wichtich om allinnich oer te litten oan de mienskip, seit fraksjefoarsitter Elske Beintema fan GrienLinks-Opsterlanders. De oerheid heart in goed rintmaster te wêzen en dêr binne wymei ús allen ferantwurdlik foar. It is no of nea foar ús ierde."

(advertinsje)