Snits is klear foar massale oanmoediging Sherida

07 jul 2019 - 11:23

Fuotbalklup SWZ Snits pakt sneintemiddei grut út mei de WK-finale fan de Oranjeliuwinnen. Der stiet in grut skerm op de sportakkommadaasje. De klup nûget elkenien út om de wedstriid tsjin Amearika mei te belibjen. Ien fan de fêste wearden yn it Oranje-alvetal is Sherida Spitse. De 29-jierrige spylster hat fan jongs oan ôf by de klup spile. En dat wolle se witte. Se binne grutsk op harren Sherida.

Foto: SWS Boso Snits

De Snitser captain fan Oranje spile fan har 6de oant har 17e by VV Snits. Dêrnei makke se de oerstap nei SC Hearrenfean. Dat skriuwt SWZ Snits op de eigen website. Se binne grutsk op 'harren Sherida' dy't útgroeid is ta in grutte ynternational.

De wedstriid Nederlân-Amearika begjint sneintemidddei om fiif oere. It sportpark yn Snits set de stekken om fjouwer oere iepen. Der wurde in pear tûzen minsken ferwachte om Sherida en de oare Oranjeliuwinnen oan te moedigjen.

By elke goal in bitterbal

Ek op oare plakken wurde skermen delset. Yn Drylts bygelyks kinne minsken by it Wapen van IJlst de wedstriid folgje. By elke goal krije besikers in bitterbal.

Snits achter Spitse

De fuotbalklup Snits stiet massaal achter harren Sherida
(advertinsje)
(advertinsje)