Ljouwerter driget plysje del te stekken mei mes

07 jul 2019 - 09:47

In 49-jierrige Ljouwerter hat sneon de plysje bedrige mei in mes. De plysjes kamen nei syn hûs oan de Ahornstrjitte om him oan te hâlden. Hy pakte dêrop in grut mes en drige de plysjeminsken del te stekken.

Foto: Omrop Fryslân

De plysjes hawwe op de man ynpraat en dêrop kaam er úteinlik sûnder mes nei bûten ta. De man koe doe oanhâlden wurde, mar op de rit nei it plysjeburo bedrige en misledige er op 'e nij de plysje. De man is ynsletten foar ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert mes bedriging
(advertinsje)