FIDEO: Doe't se 16 wie, wie Sherida Spitse al ien fan de bêsten

07 jul 2019 - 16:41

Doe't Sherida Spitse seis jier âld wie, wist se al seker dat se op fuotbal woe. Se is no al jierren in fêste wearde by de Oranjeliuwinnen. Har earste klup wie VV Snits. Yn 2007 spile se dêr by de jonges. Se wie doe krekt 16 jier âld.

Omrop Fryslân makke dêr doe dizze reportaazje oer.

Yn 2007 waard it frouljusfuotbal fan SC Hearrenfean oprjochte. Yn dat jier gie it sportprogramma Boppeslach fan Omrop Fryslân op 'scouting' mei Fryske fuotbalkenners. Jan Dolstra, âld-grinsrjochter op ynternasjonaal nivo, gie nei Snits om Sherida Spitse fuotbaljen te sjen. Hy wie bot ûnder de yndruk fan de kwaliteiten fan it doe 16-jierrige famke.

We binne no tolve jier fierder. Spitse is rekôrynternasjonal. Se stiet fêst yn de basis by Oranje en snein spilet se de WK-finale tsjin Amearika. Dy begjint begjint om 17:00 oere.

Sherida Spitse yn 2007 - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
fuotbal Sherida Spitse
(advertinsje)
(advertinsje)