Auto rydt steancaravan yn, grutte ravaazje mar gjin ferwûnen

In auto is yn de nacht fan sneon op snein in steancaravan ynriden op in camping by Skoattersyl yn de gemeente De Fryske Marren. De bestjoerder naaide út nei it ûngelok. Wûnder boppe wûnder rekke gjinien ferwûne by it ûngelok.
© René Wiegmink / ProNews
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is noch net bekend. Omstanners melde dat de auto út de rjochting fan de Worstsloot nei it doarp ried. Flak foar de krusing mei de Kooisloot ried er troch noch ûnbekende oarsaak yn in flauwe bocht rjochttroch, troch de berm en kaam yn 'e tún fan in steancaravan terjochte. Dêr ried er in sket en ek in stek om. Nei't de auto in kwartslach draaid wie, klapte er lyk op in oare steancaravan.
Der wiene op it momint fan it ûngelok minsken oanwêzich yn de troffen caravan, mar harren mankearde neat. De ravaazje is grut.