Grinslanner Meerdaagse wurdt Frysk hurdfytsfeestje

Hurdfytser Henk Bos fan Drachten hat de lêste etappe fan de Grinslanner Meerdaagse Noordenveld-Westerkwartier wûn. It einklassemint wie in proai foar Rick Ottema fan Ljouwert.
Johan Knol (Bakkefean) en Ruben Hoekstra (Hearrenfean) gongen der gau nei de start fan troch. Efkes letter naaiden Hartthijs de Vries (Kollum) en Björn Bakker (Wynjewâld) ek noch út. Alle flechters wiene tolve rûntsjes foar de ein wer ynrekkene.
Dêrnei gongen Henk Bos (Drachten) en opnij Hartthijs de Vries der fan troch, letter folge troch Bakker en Daan Besteman. Dy lêste twa kamen der net mear by, dus gong it tusken Bos en De Vries. Yn de sprint wie Bos de rapste. Björn Bakker waard tredde.
It einklassemint gong nei Rick Ottema út Ljouwert. Hy hie de giele trui al sûnt de tredde etappe om de skouders. Hy kaam yn de slotetappe as njoggende oer de streek. Dat wie genôch om de oerwinning feilich te stellen.
Rick Ottema © RTV Noord, Henk Elderman
It hiele poadium wie Frysk. De winner fan foarich jier, Ronald Kruijer fan Donkerbroek, einige as tredde yn it einklassemint. Mark Prinsen út Hearrenfean waard twadde.
Gerrie van Lingen fan Twizelerheide wûn it jongereinklassemint, it sprintklassemint wie foar Ruben Hoekstra fan Hearrenfean.