Partoeren Bergsma en Tuinenga winne keatsen yn Easterein

06 jul 2019 - 20:09

It partoer fan Marten Bergsma, Gabe Jan van Popta en Laas Pieter van Straten hat it trochelkoarlotsjen yn Easterein wûn. Ilse Tuinenga, Imke van der Leest en Melissa Rianne Hiemstra wûnen by de froulju.

Foto: Henk Bootsma

Bergsma en dy wiene yn de finale mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Bauke Triemstra, Bauke Dijkstra en Tjisse Steenstra.

Bauke Triemstra foel yn foar Jelle Attema, dy't yn de twadde omloop blessearre rekke. De tredde priis wie foar Enno Kingma, Marten Feenstra en Thomas van Zuiden.

Foto: Henk Bootsma

It partoer fan Ilse Tuinenga wie yn de finale mei 5-0 en 6-0 te sterk foar Anne Monfils, Margriet Bakker en Martzen Deinum. Anne Berber Zeinstra, Jeska Terpstra en Jennie Terpstra pakten de tredde priis.

Trefwurden: 
keatsen haadklasse Easterein
(advertinsje)
(advertinsje)