Beitske Visser docht goeie saken foar klassemint yn 'Formule 1 foar froulju'

06 jul 2019 - 19:44

De Fryske koereur Beitske Visser (24) hat har tredde poadiumplak yn de W Series te pakken. Yn de fjirde wedstriid fan it nije kampioenskip kaam se as twadde oer de streek.

Visser waard fiifde yn de kwalifikaasje. Yn de wedstriid wie se goed fuort. Al fluch ferovere se it twadde plak, en dat joech se net mear út hannen.

De race waard wûn troch de Spaanske Marta Garcia. Dy starte fan pole position ôf. De Britske Jamie Chadwick waard tredde. Yn it klassemint giet se op kop, mei tsien punten mear as Visser, dy't twadde stiet.

De earstfolgjende race is op 19 en 20 july op it sirkwy fan Assen.

De W Series wurdt sjoen as de Formule 1 foar froulju. Alle koereurs ride yn identike auto's. Alle races wikselje se fan auto, en sels fan monteurs.

Trefwurden: 
Beitske Visser W Series
(advertinsje)
(advertinsje)