Fryslân wint twakamp fierljeppen tsjin Hollân

06 jul 2019 - 18:35

Fryslân hat de twakamp fierljeppen tsjin Hollân wûn. It is de iennige fierljepwedstriid yn teamferbân.

Fryslân stie hast de hiele dei oan kop yn Drylts. Pas oan de ein fan de middei kamen de Hollanners der even foarby, mar doe't alle ljeppers noch ien sprong te gean hiene, stie Fryslân alwer oan kop.

De Friezen sprongen yn totaal 393.43 meter. Dat wie 1.74 meter fierder as de Hollanners.

De fierste sprong fan de dei wie fan Nard Brandsma. Hy ljepte 20.54 meter. De Fryske winst kaam foar him as in ferrassing, seit er.

De 24 bêste ljeppers út Fryslân sprongen yn Drylts tsjin 24 Hollanners. Sûnt 1966 wie Fryslân 39 kear de sterkste. Mar yn de lêste fiif jier kamen de Hollanners fjouwer kear as bêste út de bus.

Per team diene acht senioaren, fjouwer froulju, fjouwer junioaren, fjouwer famkes en fjouwer jonges mei. Alle dielnimmers sprongen fjouwer kear. De fierste sprong telt yn it twakampklassemint, en de optelsom fan al dy sprongen smyt de einstân op.

De hiele ljepperij is hjirûnder werom te sjen.

Trefwurden: 
Drylts fierljeppen
(Advertinsje)
(Advertinsje)