Skate, surfe en muzyk op MadNes-festival

Trije dagen fan surfe, skate, teäter, muzyk en gekkichheid bringe sa'n 5000 besikers nei It Amelân. Op it strân by Nes is dit wykein de 12e edysje fan it MadNes-festival.
Trijde dagen skate, surfe, muzyk en gekkichheid op MadNes festival
Neist bygelyks in driuwende bar, it lytste reuzerêd fan Europa en in bubbelbad fan sân, binne der ek serieuze saken te finen.
Alle jierren besiket it festival duorsume nijichheden ûnder de oandacht te bringen. Wat te tinken fan munttee mei húskewetter?
It ynternasjonale muzykprogramma is in folweardich ûnderdiel fan MadNes mei as hichtepunten artysten lykas Gallowstreeet, Altin Gün en Beans on Toast.
Skate, surfe, muzyk en gekkichheid op MadNes festival