Dirk Wijnalda wint Frysman-triatlon yn nij parkoersrekôr

06 jul 2019 - 17:06

Dirk Wijnalda hat de swiere Frysman-triatlon wûn yn in nij parkoersrekôr. Hy die acht oeren en 53 minuten oer it swimmen (3,8 kilometer), hurdfytsen (180 kilometer), en draven (42,195 kilometer).

Wijnalda wie fjouwer minuten flugger as it âlde parkoersrekôr. Dat stie op namme fan Stefan van der Pal.

Neffens Tsjeard Hofstra fan de organisaasje fan de Frysman soarge de hurde wyn benammen by it swimmen foar problemen. "Der binne aardich wat minsken seesiik it wetter út kaam."

It liket der net op dat der mear útfallers binne as yn oare jierren. Meastal binne dat in stik of tolve, seit Hofstra.

It wie in swiere edysje, seit Wijnalda. "Ik moast wol djip gean. It wie in oanslach. Mar as jo dan oer de finish komme, is it wol leuk!"

Dirk Wijnalda

De Belch Dirk Baelus kaam as twadde oer de finish, fiif minuten nei Wijnalda. Dy makke it ferskil yn de maraton. Dêr rûn de Fries tolve minuten flugger as de Belch. Wijnalda komt oarspronklik fan Boalsert.

Wijnalda rûn de maraton yn 3 oeren en ien minút. "Dat is echt hiel knap oan de ein fan sa'n dei", seit Hofstra.

Foarich jier wie Jacob Veenstra fan Surhuzum de fluchste fan de Frysman. Hy die dit jier net mei.

De Frysman is in triatlon dy't holden wurdt by it Reaklif. Yn 2015 wie de earste edysje. It wie foar it earst dat der in folsleine triatlon yn Fryslân holden waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)