Earnewâld wint lêste foarwedstriid SKS

It skûtsje fan Earnewâld hat yn de Baai fan de Lemmer de foarwedstriid fan it skûtsjesilen wûn. It is de lêste test foardat ein july it kampioenskip fan de SKS begjint.
Foarwedstriid SKS
Trettjin fan de fjirtjin skûtsjes fan de SKS diene mei oan de saneamde prolooch. Dy bestie út twa wedstriden.
De earste wedstriid waard Earnewâld twadde. It Huzumer skûtsje mei skipper Johannes Meeter kaam as earste oer de finish, en Snits einige op it tredde plak.
By de twadde wedstriid waard Earnewâld fiifde. Dat wie genôch foar de winst yn it klassemint. Hearrenfean finishte as earste. Foarich jier waard Hearrenfean twadde yn it klassemint fan de SKS, nei in bizarre slotwedstriid.
Earnewâld hat it hiele foarseizoen noch gjin wedstriid wûn. "Mar je hoege net altyd te winnen om earste te wurden", seit skipper Gerhard Pietersma.
© ANP
It skûtsje fan Hearrenfean waard twadde yn it klassemint by De Lemmer. Huzum waard tredde.
It skûtsjesilen begjint op 27 july. De wedstriden binne rjochtstreeks op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân.