Feanfroulju hoopje dat oandacht bliuwt nei finale WK

06 jul 2019 - 13:39

It frouljusalvetal fan SC Hearrenfean fynt it prachtich dat it Nederlânsk alvetal it sa goed docht by de wrâldkampioenskippen. Se binne ek bliid mei alle oandacht dy't der is foar frouljusfuotbal.

Lykas bekend spylje de froulju fan Oranje snein op it WK de finale tsjin de Feriene Steaten. Lieke Martens, Sherida Spitse en Vivianne Miedema binne no grutte nammen it team fan de Oranjeliuwinnen en yn it frouljusfuotbal. Sy komme allegearre by Hearrenfean wei.

Spylster Tiny Hoekstra fan Rinsumageast is wol benaud dat nei it WK de oandacht wer ferdwine sil. seit se sneontemoarn op de training tsjin Omrop Fryslân. Nei it EK waard it omtinken ek rap minder. Hoekstra is tige bliid dat de NOS fan takom seizoen ôf alle snein ien earedifyzjewedstriid útstjoere sil. Se hopet dat de sport dêrtroch ek ynteressant wurdt foar supporters en sponsoaren en dat de groei sa trochsette sil.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferslachjouwer Wendy Kennedy is by de training fan de froulju fan SC Hearrenfean

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)