FIDEO: Wa ljept it fierste, Fryslân of Hollân?

06 jul 2019 - 13:30

Yn Drylts springe de 24 bêste ljeppers út Fryslân tsjin 24 Hollanners om út te finen wa't de bêsten binne. It is de iennige wedstriid foar fierljeppers dy't yn teamferbân plakfynt.

De folsleine ljepperij is hjirûnder werom te sjen.

Sûnt 1966 wie Fryslân leafst 39 kear de sterkste. Mar de Hollanners binne mei in geweldige opmars oan 'e gong. Yn de lêste fiif jier kamen se fjouwer kear as sterkste út de bus.

Yn beide bûnen dogge acht senioaren, fjouwer froulju, fjouwer junioaren, fjouwer famkes en fjouwer jonges mei. Alle dielnimmers springe fjouwer kear. De fierste sprong telt mei foar it twakampklassemint. De optelsom fan alle sprongen smyt de einstân op.

(advertinsje)
(advertinsje)