Wyn en streaming sitte tsjin: seeswimmers kinne de haven net út

06 jul 2019 - 11:23

De seeswimtocht fan Harns giet sneon net oer see. De wyn is te hurd en dan is it te gefaarlik foar de 120 swimmers om út de haven wei om om de pier hinne te swimmen. Der stiet wynkrêft 5 oant 6 út it westen. De weagen binne dêrtroch te heech. En dan is it mei stroom tsjin ûnferantwurde om te swimmen, seit de organisaasje.

Foto: Johan Balt

De dielnimmers kinne wol de 2 kilometer swimme, mar dan yn de Willemshaven. Ferline jier gie de tocht net troch, omdat der te min frijwilligers en stipe wie foar de organisaasje. Yn 2017 koe de tocht ek net oer see. Doe waard ek yn de Willemshaven swommen.

Foto: Johan Balt
Trefwurden: 
Harns seeswimtocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)