Dielnimmers Frysman hawwe it swier troch hurde wyn: earste swimmers jouwe it op

De Frysman-triatlon is sneon ûnder drege waarsomstannichheden úteinset mei it ûnderdiel swimmen yn de Iselmar. De 150 dielnimmers dogge de megatriatlon fan 4 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en in maraton (42,2 km) drave. De start wie sneontemoarn betiid by Skarl, it Reaklif en dat foel net ta.
Dielnimmers Frysman hawwe it swier troch hurde wyn: earste swimmers jouwe it op
De earste lustrumedysje sette dreech útein, omdat it behoarlik waait en de golven heech binne op de Iselmar. De wyn kaam ek út in hoeke dy't derfoar soarget dat de weagen skean op de mar stean. In tal dielnimmers kaam al nei 100 meter werom, omdat se der net ynop kamen. De swimtiden binne fanwege de drege omstannichheden ek langer. De rapste swimmer docht der in kertier langer oer.
© CAMJO media / Jaring Rispens
It fytsen liket ek dreech te wurden mei de hurde wyn. De ferwachting is dat de earste atleten nei likernôch acht njoggen oeren wer binnen binne. Grutte favoryt foar de einoerwinning is Dirk Wijnalda fan Boalsert. Hy heart by de Nederlânske en Europeeske top. In oare favoryt, Jacob Veenstra fan Surhuzum docht dit jier net mei om medyske redenen. Hy wûn ferline jier de Frysman.
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Tsjeard Hofstra fan de organisaasje oer Frysman